Jeugdig partoer Jan Brandt Wiersma wint 61 Lytse PC
Wat dat oangiet wie de partij yn de earste omloop in typyske Lytse PC clash. Selekteard opslagger Dirk Yde Sjaarda hie mei twa âlde rotten steld foar dizze dei: âld PC winners Dirk Jan van der Woud en Auke de Graaf. Sy namen it op tsjin de grutte talinten fan hjoed en moarn neffens insiders: Bauke Triemstra, Hyltje Bosma en Hindrik Kootstra. De âlde klasse lûkte yn in spannende partij oan it langste ein mei 5 -5 skjinne seis. In aardige partij , kwa spanning en yn alle gefallen foar it túspublyk, wie dy tusken lokale helden Johannes de Jong, Wilco Fopma en Jan Geart Nutma tsjin in oar lokaal “ôfdielingspartoer” fan Winaam ( Mark Jan Veldman, Brandt de Vries en Tsjerk Elsinga). It túspartoer wûn mei 5 earsten gelyk en 6-4. Op de twadde list koe it Mantgumer partoer it lang net risse. Mei 5 om 1 en 6-4 wie it trio Robert en Steven de Bruin en Rudolf Soepboer fierstente sterk. Ek foar in oare Mantgumer op de list, Bouwe de Bruin, wie de twadde omloop it einstation. Mei skjinne fiif en 6-4 weefde it partoer Site Ferwerda, Jasper Boomsma en Dennis Wijnjeterp ôf mei de aspiraasjes fan Bouwe en syn maten IJje-Jan Terpstra en Willem Rienks (yn 2006 noch winner en ek oait op dit plak stoppe as aktyf keatser). In hiel moaie partij op de twadde list wie dy tusken twa earsteklas toppartoeren. Gosse Beeksma, Hendrik Jan v.d. Velde en Frederik van der Meij en Jan Brandt Wiersma, Hans Wassenaar en Jouke Bosje. Gosse Beeksma cs hiene dêryn hiel lang de beste papieren en op 4 om 1 joech net ien mear wat foar de kânsen fan Jan Brandt en syn maten. Se hellen lykwols fan dat stuit of prachtich op. Kamen noch wol wer mei 5 om 4 achter en pas op 5 earsten gelytk en 4-2 hiene sy foar it earst in foarsprong. It waard alles oan de hang en mei in bûtenslach fan Gosse Beeksma rekken Jan Brandt Wiersma en dy op de tredde list. De ferwachting wie dat Dirk-Yde Sjaarda en syn rûtinearde maten dy tredde list ek wol helje soene.Ommers , it gelegenheidspartoer Robert Grovestein, Bauke v.d. Graaf en Jan Hospes ( al twa moanne gjin bal rekke troch sykte fan Pheiffer en mear mei muzyk dwaande) like in makje. It kaam oars. Harren swakke start ,mei ryklik in spul oan opslachmissers brocht it pertoer Robert Grovestein, Bauke v.d. Graaf en Jan Hospes net allinne in moaie foarsprong mar ek fertrouwen dat se de partij winne koene. Dat barde ek. Yn it sadel holpen troch de flaters fan Dirk-Yde en dy begûnen se fan harren of te slaan as hiene se noait oars dien. Op 5 om 4 en 6-4 wie it, hoe kenmerkend, in opslachmisser fan Dirk-Yde dy’t de partij beslikke. Mei it ferlies fan Dirk Jan van der Woud en Auke de Graaf dit jier dus gjin âld PCwinners diskear dy’t ek de Lytse PC op harren palmares byskriuwe koene. Want ek dat is tradysje op dizze Lytse PC. Sa’n 50 persent fan de winners ha oait ek de grutte PC wûn. De tredde list levere in skitterende partij op tusken Jelmer Hofstee, Jacob Zagemans en Aloys Freitag ( mei 5 om 1 en in steand nûmer maklik op dy tredde list kaam) en partoer Site Ferwerda, Jasper Boomsma en Dennis Wijnjeterp. Mei om en om in buordsje kaam úteinliken alles oan de hang. Sneu foar Aloys Freitag, hjoed ôfskie nimmend, dat hy krekt op dy stân in net al te drege bal krekt net út it perk krije koe. Dêrmei wiene Ferwerda en konsorten de earste heale finalisten. It partoer fan Jan Brandt Wiersma like hjoed earst wol achter stean te moatten om dan yn it twadde part ta te slaan. Dat diene se op de twadde list en ek no wer tsjin Pieter van Althuis, Gerrit Flisijn en Peter de Boer. Op 5 om 4 en 6-4 miste Pieter van Althuis it perk. Dêrmei dus ek in heale finaleplakje foar de Grouster en syn maten. De outsiders fan hjoed , de partoeren Robert Grovestein en Robert de Bruin mochten útmeitsje wa mei in steand nûmer nei de finale gean soe. It like gau dien te wezen mei Grovestein en konsorten. It wie wrakseljen, bûkeljen foar de mannen. En doe’t se by fjouwer om ien achter en skjinne seis foar it earst troch flaters ek noch út hannen joegen, liken se de put der hielendal út te hawwen. Mar it bliuwt keatsen. Troch wûndere krêften krigen se de guit wer te pakken en hellen op nei 5 earsten gelyk. De ynhaalrace waard net bekroand. Op 6-4 makke Steven de Bruin mei in prachtige ûnderhânse boppeslach in ein oan de partij. It like dat it partoer Wiersma, Bosje en Wassenaar leard hie fan de twadde en tredde omloop. Want no wiene se drekt by de les en mei deeglik keatsen, elk yn syn eigen rol rûnen se yn in poep en in skeet út nei 5 om 1, 6 gelyk. Doe makke Jouke Bosje de partij yn styl út mei in prachtige boppeslach achter út it perk. Dat moast ek want de keats lei tsjin dy boppe oan. De finale It gelegenheidspartoer Robert de Bruin besocht it kalme wat yntroverte partoer fan Jan Brandt Wiersma mei ferbaal entûsjasme en psychyske oarlochsfoering fan ‘t sintrum te bringen. Mar dêrby sloegen se sels ek fiks fan har ôf. Wiersma en dy wiene yndie yntimidearre en stiene sa mar in spul achter. Aldergelokst sloegen se doe op 6 gelyk mei in fraaie boppeslach de begjinnende frustraasje fan har ôf en hiene se de oansluting wer. Se krigen no sels ek praatsjes en fûnen ek har slachkracht werom. In moaie boppeslach fan Jouke Bosje brocht spul om gelyk oan de tillegraaf. Hans Wassenaar die dêr net foar ûnder mei in pear skitterende ûnderhânse boppeslaggen dy’t foar 3 om 2 soargen. It bluisterige praat wie der doe ek aardich ôf by De Bruin en konsorten. Mar komselden hiene se dêr ek reden ta sjoen it tanimmen fan harren flaters ( in hiele roefel bûtenslaggen) en de klasse fan de tsjinstanner mei faak direkte winst fanút it perk. Yn in omsjoch stie it dêrtroch fiif om twa en skjinne seis. De lytse keats waard op dy stân mei sukses ferdigine en binnen it healoere wie de finale út mei moaie jeugdige winners. De Lytse PC einige yn styl mei in hiele rige rituele hannelingen: bekendmakking fan it einklassemint, útrikking Janse Bokaal, ôfskie keatsmaten en net te ferjitten de neisit yn De Wjukken dy’t trouwens al ier op ‘e middei útein setten wie. It wie feest yn Mantgum. Foto’s Lytse PC Priiswinners: 1. Jan Brandt Wiersma Grou Hans Wassenaar Tsjummearum Jouke Bosje Baaium 2. Robert de Bruin Tsjummearum Steven de Bruin Tsjummearum Rudolf Soepboer Hallum 3. Site Ferwerda Stiens Jasper Boomsma Ljouwert Dennis Wijnjeterp Doanjum
Geplaatst op 11 September 2010